|
ROEDEMA. Skaakt fan grien en sulver yn seis rigen fan elk seis fakken, en in reade seam,
yn 'e rjochter boppehoeke belein mei in sulveren diamant (heale oktaedar), de punt omleech.
Helmteken: in sulveren útkommende swannehals en -kop mei reade snaffel en swarte knobbel.
Helmkleden: wyt en read.
De famylje giet werom oant 1740 en komt fan Furdgum. Letter wenjend te Koarnwert, dêr't
de namme oannommen waard. De beroppen rinne moai útinoar: boeren, molktapers, juweliers en boer-arbeiders.
Alhoewol't it wurd roede ferskate betsjuttingen hawwe kin, is y.f.m. de agraryske beroppen keazen
foar dy fan in lânmjitte, in 240ste part fan de pûnsmiet, dy't 36 are grut is.
De griene kleur stiet foar it greidlân en de diamant foar it beroep fan juwelier.
Om de estetyske reden is dy op in reade seam set. It helmteken is ûntliend oan it wapen
fan Koarnwert.
Ynstjoerder: J. Roedema te Seisbierrum
Untwerp: P. Bultsma
Bron:
Genealogysk Jierboekje 1982.
|